By de lessen, mar fansels ek by de útfieringen, moasten de sporters der kreas byrinne. Der waard ôfpraat dat de famkes en froulju in wyt bloeske en in blauwe rok drage moasten, de jonges in wite trui en in koarte wite broek, no ja, koart, mear in trijekoart broek. De mannen wienen klaaid yn in wite trui en in lange swarte broek. Hoe lang as de ôfspraak oer dy klean stân holden hat, wit ik net, want op in foto út 1930 stiet in damesgroep fan Thor mei in swarte bloes en in swarte rok . It sil doe wol krekt sa west hawwe as tsjintwurdich: sa no en dan wat oars. In probleem, wêr ‘t de feriening altyd mei siet te wrakseljen, wie it jild. De lieder moast betelle wurde, men woe graach de tastellen en oar ark yn oar der ha en de kastelein koe syn seal ek net foar neat ôfstean. Begûn men earst mei 10 sinten per lid yn de wike, nei in jier waard dat al 15 sinten.
Master Hartsta, de lieder, moast dat by alle groepen inne en byhâlde en dêr hie hy al gau syn nocht fan, it koste him tefolle tiid, wat fan de lessen ôfgie. Boppedat wienen der gesinnen mei fjouwer as mear bern en foar dy gesinnen wie de kontribúsje dan wol te heech. Yn 1928 waard doe de regeling feroare en waard in jierlikse gesinskontribúsje yn fierd. It earste bern betelle f 5.20, it twadde f 2,60 en wienen der mear bern dan betellen dy f 1,30 yn ‘t jier. De nije rigel hie wol as gefolch dat der wat minder jild binnen kaam.
Dêrtroch moast gimmestykferiening Stânfries út de Gordyk yn 1933 Thor derop attint meitsje dat foar it fan harren liende turnhynder al trije jier gjin hier betelle wie en it K.N.G.V. moast Thor derop wize dat de bûnskontribúsje wol op tiid ôfdroegen wurde moast, want oars kamen hja op de swarte list. Tsjintwurdich giet men dan mei fioeltsjes as húskepapier by de doarren lâns, mar yn dy tiid die men net in soad oan de tún en foar húskepapier hie men de Hepkema krante wol. Mei ferlottingen mei sels meibrochte prizen en oare aksjes, slagge it Thor dôchs om de drege krisisjierren foar de oarloch troch te kommen. De oarlochsjierren sels joegen wer oare swierrichheden. Siebe Hartmans moast syn lân wêr ‘t Thor by moai waar op oefene, op lêst fan de besetter omploegje, want de Dútsers hienen ferlet fan ierpels, rogge, weet ( tarwe ) en sa mear. Ek moasten foar útfieringen fergunningen oanfrege wurde boppedat moast in útfiering jûns om tsien oere ôfrûn wêze. Ferwaarming en ferljochting wienen somtiden ek net goed foarinoar.
Ferskate mannen moasten ûnderdûke, oaren moasten yn Dútslân oan it wurk. Letter moast men wol ris op sneintemoarn oefenje en hold men de útfiering op sneintemiddei om ‘t der hielendal gjin elektrysk wie. Trochdat der oars net safolle mooglik wie, draaide Thor hiel goed mei sa’n 200 leden.
Koart nei de oarloch yn 1946 hat Thor syn 25 jierrich bestean fierd mei in turndei, demonstraasjes fan turners en in optocht troch it doarp. Dêrnei giet it mei Thor wat minder goed. It ledetal giet nei ûnderen, finansjeel sit it ek net bêst en men is in bytsje útsjoen op master Hartstra. Yn 1950 besiket men mei in ôf dieling atletyk wat mear leden oan te lûken , mar dat rûn op neat út. Om wat jild foar de feriening binnen te heljen organisearret kafeehâlder v. d. Wal op de Trijehoek in toulûkwedstryd
In prima idee en it slagge ek goed, allinne it smiet gjin jild op. Wie it ledetal yn 1950 noch 222, fiif jier letter wie dat al sakke nei 128. Der moast wat barre om Thor yn libben te hâlden en dat gebeurt ek.
Op inisjatyf fan polysje Broersma en Piter Mulder wurdt op 2-12-1955 in sportferiening oprjochte foar fuotbal en follybal en dêr woe men eins Thor ( gimmestyk ) ek wol by hawwe. Op 3-1-1956 komme alle sportleden op in bûtengewoane gearkomst byinoar en dêr is men it der oer iens, dat men meiinoar as ien feriening fierder sil. Master Hartstra sjocht yn dat yn dizze nije opset foar him gjin taak weilein is en nimt ûntslach.
Bron (http://www.lippenhuizeneen.nl/thor-2/) Auteur: Wytse van der Sluis